Karlo Timmerman troeft BAM ôf

14 jan 2012 - 23:47
  • Bob de Vries

Karlo Timmerman hat sneon de maraton fan Deventer op syn namme skreaun. Yn de sprint wie hy te fluch foar Bob de Vries en Jorrit Bergsma, beide fan de BAM-ploech. De topsprinter fan dy ploech, Arjan Stroetinga, krige rêst en dêr profitearre Timmerman optimaal fan. Mei troch goed wurk fan ien fan syn ploechmaten, Douwe de Vries, koe hy it ôfmeitsje yn de sprint.

By de froulju gie de oerwinning nei Foske Tamar van der Wal. Mariska Huisman waard twadde, Wieteke Cramer tredde. It wie foar Cramer it tredde poadiumplak yn har maratonkarriêre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)