Karke bringt pasjinten teplak

31 jul 2004 - 11:40

It is eefkes wennen yn it ferboude MCL. Besikers fan it fernijde sikehûs yn Ljouwert binne noch geregeld it paad bjuster. Dat fernimme de frijwilligers dy't de gasten helpe.

Sa ride se ûnder oare mei in elektrysk opstapkarke troch de gongen om de minsken teplak te bringen. In 250 pasjinten wurde sa alle dagen by de ôfdielings brocht, dêr't se wêze moatte. It karke is benammen handich foar minsken dy't net goed rinne kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)