Karin v. Dijk 1e by skoalslach

28 jun 2008 - 13:10

Karin van Dijk fan Haulerwyk hat freedtejûn it goud pakt op de trije kilometer skoalslach. Dat wie op de earste dei fan it iepen Nederlânsk kampioenskip iepen wetter yn Scheerwolde.

De swimster fan HZ&PC fan It Hearrenfean kaam oer de streek yn in tiid fan 50.08. Herman van Dijk fan It Hearrenfean waard op deselde ôfstân sechsde by de manlju yn in tiid fan 48,43.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)