Kariljon Harns spilet wer

12 jan 2007 - 14:22

It kariljon fan Harns spilet wer. Flak foar de Krystdagen foel it stil troch technyske problemen. Yntusken binne dy troch in spesjalisearre bedriuw ferholpen. Dêrmei binne noch net alle problemen foarby.

It kariljon spilet net hielendal suver. De gemeente hat no gjin jild om dêr wat oan te dwaan. De ried moat dat jild earst beskikber stelle. Mooglik wurdt it repertoire fan it kariljon yn Harns dan ek útwreide.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)