Kariljon Drachten wurdt foar 13.000 euro opknapt

21 aug 2015 - 17:10
  • Kariljon op it momint fan de oanlis fan de Drachtsterfeart

It kariljon yn it sintrum Drachten wurdt foar 13.000 euro opknapt. De stielkonstruksje fan iy opfallend gehiel wurdt skjinmakke en opnij yn de ferve set en de graffity wurdt fan de betonnen pylders helle. De gemeente Smellingerlân hie de opknapbeurt graach letter útfiere wollen, mar hat it wurk nei foaren helle fanwege de oplevering fan de Drachtsterfeart yn de hjerst.

De gemeente wol dat it kariljon, dat oan de ein fan de feart stiet, der dan goed út sjocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)