Karen Bies nij gesicht Hjoed

14 sep 2012 - 18:37
  • Karen Bies yn it Hjoeddekôr

Omrop Fryslân hat fan moandei ôf in nij gesicht by it nijsprogramma Hjoed. Programmamakker Karen Bies stapt oer fan radio nei tillevyzje en sil it nijs presintearje. Karen Bies begûn yn 1993 as radioferslachjouwer by de nijsredaksje fan Omrop Fryslân. Fierder wie se presintatrise en ferslachjouwer by ûnder oare Omnium, De Koperen Tún en Buro de Vries.

Karen Bies makket de oerstap nei tillevyzje omdat se ta is oan wat nijs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)