Karelse stapt op by brânwacht

04 sep 2013 - 07:29

Nettie Karelse lûkt har werom as kertiermakker foar de Veiligheidsregio yn Súdwest-Fryslân. Se soe mei yngong fan jannewaris oan de slach as kommandant fan it nije brânwachtkorps yn de regio. Se is no noch kommandant yn Ljouwert. Se kaam dêr yn opspraak nei't se kado's foar de brânwacht mei nei hûs naam. Ut ûndersyk die bliken dat Karelse neat ferkeard dien hie. Neffens Karelse hat se goed neitocht oer de kwestje en is se ta de konklúzje kaam dat se oan oar wurk ta is. Se hat mar in pear dagen kertiermakker west.

Neffens de Ljouwerter gemeentesiktaris Reindert Hoek moatte minsken by de brânwacht minder oer inoar en mear mei-inoar prate. Dat seit er as reaksje op it beslút fan Karelse om op te stappen. Hoek wol de bedriuwskultuer by de brânwacht oanpakke om nije affêres foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)