Kardiology Dokkum noch ticht

02 sep 2011 - 11:48

De kardiology-klinyk fan sikehûs Talma Sionsberg yn Dokkum bliuwt in wike langer ticht. De hert-ôfdieling hat al fjouwer wiken ticht west neidat de ynspeksje foar de folkssûnens krityk hie op de bedriuwsfiering. Sa wie de kommunikaasje ûnder it personiel min en waard min foldien oan prosedueres.

It sikehûs wurket oan ferbetterings. Pas takom wike komt de ynspeksje om de plannen te besjen. Oant dy tiid bliuwt de hert-ôfdeling ticht. Fan 'e eardere fiif kardiologen binne der noch twa oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)