Karbrief mei tenei yn it Frysk

18 jan 2002 - 00:00

Ferienings en stiftings meie fan 1 febrewaris ôf har karbrieven (statuten) yn it Frysk opstelle, sûnder dêr in Nederlânske oersetting by te leverjen.

Dat is in trochbraak foar Frysksinnigen dy't hjir jierren foar krewearre hawwe. Liuwe Westra fan Lollum, dûmny en foarsitter fan de Douwe Kalmastifting is tige wiis mei it beslút. Foar notarissen is it wol ekstra wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)