Karbidsjitten yn Ie en Wytgaard

31 des 2001 - 00:00

Der wurdt wer rûnom yn Fryslân sketten mei karbid. Yn Ie waard freedtemoarn al knald mei tsientallen molkbussen op in rige. Yn Wytgaard wie de molkbus ferfongen troch in soarte fan kanon, dat midden yn it doarp stiet.

De knallen binne ek yn 'e omlizzende doarpen goed te hearren. Ie sette twa jier lyn in rekord mei 3558 knallen, mar docht it dit jier kalm oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)