Karbidsjitte nasjonaal erfguod

27 jun 2014 - 15:25
  • argyffoto
  • Karbidsjitte

It karbidsjitten komt op de list fan nasjonaal erfguod. It Nederlands Centrum voor Volkscultuur en Immaterieel Erfgoed hat dat bepaald. De tradysje mei âld en nij om karbid yn in molkbus ûntploffe te litten, komt as fyftichste op de list.

Yn de konvinsje fan de VN-organisaasje Unesco hawwe lannen tasein harren erfguod de ynventarisearjen en te bewarjen. Oare Nederlânske tradysjes dy't op de list stean, binne bygelyks it midwinterhoarnblazen, it blommekorso en it pronkriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)