Karbidfeest yn Westergeast

01 jan 2006 - 14:09

Karbidsjitten is op Aldjiersdei altyd in weromkommend evenemint. Yn Westergeast is it ek wer raak, mar dêr wurdt it by in feesttinte dien. De jeugd fan Westergeest organisearret sels it einjiersfeest mei de knallen en de feesttinte. Earder waard der altyd in soad fernield mei âld en nij, troch de feesttinte is dat no oer.

Tritich jongeren ha 175 kilo karbid oanskaft. Bûten it doarp steane 200 molkbussen, en der is no ek in kanon by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)