Karbidearbetoan foar Vitto

16 des 2012 - 13:49
  • Bernardo Vitto (rjochts) yn aksje by it karbidsjitten

De karbidsjitploech fan Drylts bringt op âldjiersdei in bysûnder earbetoan oan har ferstoarne maat Bernardo Vitto. Vitto kaam begjin juny mei syn frou Welmoed en harren lytse jonkje om by in gaseksploazje yn Italië. It gesin út Wâldsein wie dêr op fakânsje.

Bernardo Vitto wie al jierren lid fan it karbidteam. Om him te betinken, wurdt op âldjiersdei spesjaal foar him knald, troch elk lid fan de groep apart. Minsken dy't hiel ticht by Bernardo stiene, meie ek in skot losse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)