Karavans Vermaning meie bliuwe

15 okt 2002 - 00:00

De gemeente Boalsert hat in rjochtsaak tsjin de famylje Vermaning ferlern. De rjochter bepaalde tiisdei dat de twa karavans fan Hilbert Vermaning stean bliuwe meie oan de Warkumertrekfeart.

De gemeente woe se der wei ha, mar moat no soargje foar oanlis fan wetter, stroom en in húske. De definitive útspraak wurdt takom jier dien troch de Rie fan Steate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)