Karavanloads Feanhoop útbaarnd

29 okt 2003 - 00:00

By in pleats mei miny-kamping op De Feanhoop is tiisdeitejûn in loads mei ien karavan útbaarnd. Twa trekkers waarden der noch op 'e tiid úthelle. It wenhûs njonken de loads en in stâl mei fyftich kij koene behâlden bliuwe.

Gjinien rekke ferwûne by de brân. Wol is der asbest frijkommen fan 'e dakplaten. Koartsluting yn de karavan is sa goed as wis de oarsaak fan 'e brân. De plysje moat dat noch fierder útsykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)