Karavaneigners keapje kemping

09 jan 2011 - 14:20

De measte steankaravaneigeners fan De Zoutpoel yn Terherne hawwe sneon foar de keap fan 'e kemping stimd. In projektûntwikkeler woe de karavans ferfange troch sjalets, mar dat giet no net troch. Om de keap mooglik te meitsjen moast goed 70 persint fan de eigners foar de keap wêze. By einsluten wiene se dat allegearre.

De keap kostet de eigners in grou stik jild. Se draaie no ek op foar ûnderhâldswurk dat lizzen bleaun is en al lang dien wurde moatten hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)