Karavan Ljouwert yn flammen op

10 okt 2014 - 14:53
  • Karavan Ljouwert yn flammen op
  • De karavan baarnde folslein út

In karavan by it Kealledykje yn Ljouwert is freedtemiddei folslein útbaarnd. By de brân rekken gjin minsken ferwûne. Om't der grutte reekplûmen de loft yn gongen, kamen der in soad minsken op de brân ôf. De brânwacht koe neat mear dwaan en moast tasjen hoe't de karavan folslein útbaarnde. Wol wist de brânwacht foar te kommen dat in gasflesse ûntploffe soe.

De oarsaak fan de brân is noch net dúdlik. It is ûnbekend oft de karavan noch brûkt waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)