Karavan foar Drachtster jongeren

22 feb 2004 - 00:00

De jongerein fan Drachten is wer tefreden. Nei trije jier oerlis mei de gemeente ha sy no einlings har eigen hingplak krigen, in karavan.

Om't de gemeente earst net meiwurkje woe, hat de jeugd sels sponsors socht om in karavan te keapjen. De gemeente hat no in kontrakt opsteld foar in proefperiode fan fjouwer wiken. As de boel út de hân rint kin de gemeente de karavan ferwiderje. Ek moat it sponsorjild dan werombetelle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)