Karavan en foartinte fernield

19 okt 2008 - 15:17

De plysje krige yn de nacht nei snein om 01.00 oere hinne in melding fan fernielings op in kamping oan de Hurddraversdyk by Dokkum. Op de kamping troffen de plysjes in karavan mei ynsmiten ruten en in stikkenlutsen foartinte oan.

De plysje fûn in groepke fan fjouwer jonges op de Ieleane. De jonges naaiden út, mar koene nei in koarte efterfolging oanholden wurde. De fjouwer jonges (fan 14 en 15 jier) binne oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)