Karavan baarnt ôf by Ljouwert

01 jan 2011 - 15:09
  • Fan de karavan bleau net folle oer (foto: Jan Piet Adema)

Op kamping De Kleine Wielen yn de Griene Stjer is op nijjiersdei in karavan folslein útbaarnd. De brânwacht wie der gau by en helle fjouwer gasflessen út de karavan om ûntploffingen foar te kommen. De karavan sels wie lykwols net te rêden.

De eigner fan de karavan wie der sels gau by. De man wie slim oandien troch de brân. Minsken dy't wat sjoen hawwe wurdt fersocht om kontakt op te nimmen mei de plysje Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)