Karatetraap treft alftallieder

31 aug 2009 - 11:44

In 52-jierrige alftallieder fan VV Workum is sneon op it fuotbalfjild oanfallen en ferwûne rekke. Dat barde ûnder de wedstryd fan Warkum A1 tsjin Lemmer A1.

In spiler fan VV Lemmer wie mei read fan it fjild stjoerd. Syn 47-jierrige heit wie it dêr net mei iens en gie dêroer yn diskusje mei de lieder fan de Warkumer junioaren, Germ Wouda. De 16-jierrige broer fan de Lemster spiler joech Wouda in karatetraap yn it gesicht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)