Kar ûntwerp nijbou provinsjehûs

03 nov 2004 - 17:14

Arsjitekteburo Soeters, Van Eldonk en Ponec út Amsterdam mei de nijbou fan it provinsjehûs ûntwerpe. It buro is keazen út de foarseleksje fan sân buro's. Fral de stêdeboukundige ynpassing yn de besteande bou oan de Twibaksmerk yn Ljouwert falt goed.

De provinsje hat hast 50 miljoen euro beskikber foar de nijbou. Arsjitekt Sjoerd Soeters is berne op Amelân. It buro hat earder de 'swannewenten' by It Hearrenfean ûntwurpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)