Kaptein Fryske coaster yn sel

31 aug 2010 - 09:55
  • De Flinterforest

De kaptein fan it Fryske frachtskip Flinterforest dat heal augustus fêstrûn foar de kust fan Sweden moat in moanne de sel yn. De 44-jierrige man út Oekraïne hat him neffens de rjochter skuldich makke oan ûnfoech dronkenskip op see.

It skip wie ûnderweis fan Finlân nei Skotlân doe't it by Helsingborg fêstrûn. In grutte kraan helle earst 800 ton oan papierrollen fan it skip. Dêrnei koene ferskate sleepboaten it 86 meter lange skip loskrije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)