Kaptein EVT knipt slot iepen

08 mrt 2010 - 16:47
  • De Stortemelk fan EVT

De sitewaasje mei de EVT yn Harns driget te eskalearjen. Sneon sette Rykswettersteat al in stek del, sadat passazjiers net fan de kade komme koene. Fia in oare útgong koene de minsken toch fuortkomme.

Moandeitemiddei wiene lykwols alle útgongen ticht en moast de kaptein fan de fearboat in slot iepenknippe om syn 40 passazjiers fan de kade ôf te krijen. Rykswettersteat fynt dat de EVT him net hâldt oan de ôfspraken foar ôffearten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)