Kapralik by Cambuur wei

20 feb 2011 - 15:31

Cambuur is Zdenko Kapralik kwyt. De 25-jierrige ferdigener hat in kontrakt tekene by Spartak Trnava yn syn heitelân Slowakije.

Kapralik kaam ferline simmer op amateurbasis oer fan FC Zwolle. In echte basisspiler waard hy nea. De Slowaak spile tsien kear yn it earste alvetal. Dêryn skoarde er ien kear. Cambuur sit sa stadichoan net dik mear yn de ferdedigers. Mooglik dat der noch ien bykomme moat de kommende tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)