Kapper op Mata Hari-toer

04 jun 2004 - 00:00

De Ljouwerter kapper Wyb Feddema wreidet syn kapsalon oan De Kelders út mei in Mata Hari-eksposysje. De Kelders 33 is it bertehûs fan de wrâldferneamde dûnseres en spionne. Feddema wol Mata Hari eare mei in permaninte útstalling.

De Ljouwerter hat foar de ynrjochting kontakt socht mei it Frysk Museum. Feddema wol der in spektakel fan meitsje en dêr heart neffens him ek in borreltsje by. Derom hat er ek in hoarekafergunning oanfrege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)