Kappe yn Stienzerbosk

01 nov 2013 - 12:04

Steatsboskbehear set moandei útein mei it kappen fan beammen yn it Stienzerbosk by Stiens. De kap stie al op it programma foar fan 't winter, mar it wurdt no earder fanwege de stoarm. Yn de bosk stean ûnder oare âlde popelieren dy't minder fitaal binne en dêrtroch in gefaar foarmje.

De natuerorganisaasje hat de ôfrûne wike al dwaande west mei it oprêden fan omfallen beammen en fallen tûken. Dat is lykwols net sûnder gefaar. It hout kin ûnder spanning stean en ôfknapte beamtoppen binne libbensgefaarlik.

Neffens boskwachter Jeffrey Huizenga kin de stoarm de natuer ek goed dwaan. Op iepen plakken ûnstean nije leefgebieten foar planten en ynsekten. Boppedat binne omfallen beammen in goede fieding foar de boaiem en foarmje se moaie nestelplakken foar bisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)