Kaping skip Toxopeüs oer

28 jun 2009 - 16:31
  • It skip Pompeï

De kaping fan it skip fan Harnzer kapitein Hendrik Toxopeüs is foarby. De Somalyske kapers ha de bemanning gean litten neidat der troch de eigners fan it skip losjild betelle wie. It skip Pompeï waard op 18 april kaapt by de Seychellen. De kapers fregen 8 miljoen dollar. Dat bedrach waard ferlege nei 171 telefoantsjes mei de ûnderhannelers. It is net bekend hoefolle losjild der no úteinlik betelle is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)