Kapenga iepenet nije meubelsaak yn Ljouwert

10 feb 2015 - 11:07
  • Kapenga komt yn it âlde gebou fan Post Interieur

Ljouwert krijt in nije wenwinkel. De famylje Kapenga iepenet op 1 oktober in nije saak yn it gebou dêr't earder Post Interieur siet. It giet om in miljoene-ynvestearring en dat is opmerklik yn dizze tiid. In protte bedriuwen yn de detailhannel en de meubelbrânzje sitte yn swier waar en moatte de doarren slute. De Kapenga's hawwe al grutte saken yn Bûtenpost, Grins en Wolvegea en sjogge Ljouwert as in moaie oanfolling yn de regionale sprieding.

Yn de nije wenwinkel is wurk foar 10 oant 15 minsken.

Se biede ek oare oanbieders de kâns om romte yn it nije gebou te hieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)