Kantongerjocht Snits ticht

27 mrt 2013 - 18:18

Ynwenners fan Snits en de hiele Súdwesthoeke moatte no wat fierder reizigje om harren rjocht. It kantongerjocht yn Snits hat woansdei offisjeel de doarren sletten neidat soks earder al barde yn Beetstersweach en noch te gebeuren stiet op It Hearrenfean. Der waard yn Snits noch ien kear yn de twa wiken rjocht sprutsen. Dêr sieten foaral minsken dy't harren rekkens net mear betelje koene. Foar dat en oare kantonrjochterlike saken moatte minsken no yn Ljouwert wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)