Kantongerjocht De Sweach ticht

31 okt 2007 - 15:07
  • It kantongerjocht fan Beetstersweach is ticht

It kantongerjocht fan Beetstersweach is ticht. Woansdei wie de alderlêste sitting yn it monumintale gebou oan de Haadstrjitte. Der binne net genôch saken om it djoere gebou noch langer te bekostigjen. Al it wurk giet oer nei de rjochtbank op it Hearrenfean.

De lêste fertochte dy't foarkomme moast foar rjochter Giltay wie in man dy't yn in ûnfersekere auto ried. Ryksgebouwetsjinst siket noch om in nije bestemming foar it gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)