Kantongerjocht De Sweach ticht

22 aug 2007 - 21:03

It kantongerjocht fan Beetstersweach is ferline wike offisjeel opheven. Dat is bard omdat der te min saken wêze soene. Der is mar 35 dagen yn it jier sitting. De sittingen ferhúzje nei It Hearrenfean. Begjin dit jier waard de sluting al oankundige troch minister fan justysje Hirsch Ballin.

Der is in oergongsperioade. Oant ein dit jier kinne der noch saken foarkomme yn Beetstersweach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)