Kantoaren Friesland Bank ticht

18 jan 2013 - 09:40
  • It eardere kantoar fan de Friesland Bank oan it Beursplein

De kantoaren fan de Friesland Bank yn Frjentsjer, Wolvegea, It Hearrenfean en Drachten geane begjin febrewaris ticht. Klanten fan de bank kinne dan terjochte by de filialen fan de Rabobank. Dêr binne aparte romten ynrjochte dêr't meiwurkers fan de Friesland Bank de klanten helpe kinne.

Minsken mei in rekken by de Friesland Bank binne yntusken op de hichte brocht fan de nije situaasje. Dy is ûntstien troch de oername fan de Friesland Bank troch de Rabobank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)