Kantoaren Friesland Bank ticht

12 jan 2012 - 14:01

De Friesland Bank slút dit jier de kantoaren yn Bútenpost, Harns, Koudum, De Lemmer en De Jouwer. De kantoaren yn Sint Anne, Aldeberkeap, en Surhústerfean geanne op ôfspraak iepen. Seis kantoaren wurde omboud ta servicekantoar. It giet om de kantoaren yn Dokkum, Drachten, Frentsjer, It Hearrenfean, Ljouwert en Snits.

Op dizze kantoaren geanne mear meiwurkers oan de slach. De bank wol de servicedesk fersterke en mear minsken frij meitsje foar ôfspraken by minsken thús. It personiel wurdt freed ynformearre oer de plannen. De ried fan bestjoer sil dan dúdlik meitsje wat de stratezjy wurdt foar de kommende tiid. It is neffens de fakbûnen net te ferwachtsjen dat der banen ferlern gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)