Kantoaren foar nije wetterskip

13 okt 2003 - 00:00

Foar de meiwurkers fan it nije wetterskip is tydlike kantoarromte fûn. De romte is takom jier nedich at de besteande distrikten fusearje. De besteande kantoaren binne te lyts om alle meiwurkers in plak te jaan.

De ekstra romte is fûn yn Dokkum (âld skoalgebou Dockinga College), Drachten (gebou fan útjouwerij Adrem) en yn Snits (kantoaren oan it Antoniusplein). De meiwurkers bliuwe nei alle gedachten oant 2005 yn de tydlike kantoaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)