Kantoaren Dokkum wurde wenhûs

23 jan 2005 - 13:31

In tal kantoaren yn de binnestêd fan Dokkum wurdt mooglik omboud ta wenten mei garaazje. It giet om kantoaren oan de Wortelhaven. Om de wenten realiseare te kinnen moat it bestimmingsplan foar de binnestêd fan Dokkum oanpast wurde.

Boargemaster en wethâlders fan Dongeradiel stelle de rie no foar dy oanpassing te dwaan. It ombouwen fan kantoaren nei wenten sil de leefberens yn de binnestêd fergrutsje, sa fine boargemaster en wethâlders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)