Kantoar UWV mooglik wol ticht

04 sep 2013 - 15:00

It stiet noch net fêst dat it UWV-kantoar yn Ljouwert ek nei 2014 iepen bliuwt. Dat seit UWV-wurdfierder Wessel Achterhof. It UWV is dwaande mei in lanlike reorganisaasje. Dêrby geane 5 fan de 16 kantoaren ticht. Ien dêrfan is it kantoar yn Ljouwert mei 250 meiwurkers. Omdat it UWV it hiel drok hat fanwege de groei fan de wurkleazens ûndersiket de organisaasje oft guon kantoaren langer iepen bliuwe kinne.

It kantoar fan Ljouwert soe ien fan dy kantoaren wêze, mar it beslút dêroer is noch net nommen.

Wethâlder Deinum fan Ljouwert sei derfan út te gean dat it kantoar yn Ljouwert oant 2018 iepenbliuwt. Wurdfierder Achterhof fan it UWV kin dat net befestigje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)