Kantoar Tongblierfûns yn Eanjum

06 jan 2003 - 00:00

Agraryske bedriuwen dy't romme binne, kinne fan moandei ôf yn Eanjum harren skeaclaim yntsjinje by it tydlike kantoar fan it Tongblierfûns. Dat waard moandei iepene troch deputearre Bijman.

Ek net-agraryske bedriuwen dy't wol dupearre binne troch de tongblierkrisis kinne dêr terjochte. Dy bedriuwen moatte fan de Europeeske Kommisje har skea yn projektfoarm claime, en net yndividueel. Foar Fryske dupearren is der 6,3 miljoen euro beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)