Kantoar foar behear Waadsee

12 jan 2006 - 15:13

Yn Fryslân moat in nij kantoar komme dêr't foar alle provinsjes en gemeenten it behear dien wurdt fan de Waadsee. Dat is ien fan de advizen fan de Raad voor de Wadden en de Raad voor het Openbaar Bestuur. Yn Den Haach is harren rapport oer de Waadsee presenteard. Dêryn stiet ek dat de minister fan LNV tenei ferantwurdlik wêze moat foar alle beslissingen oer it Waad. No is de minister fan VROM dêr noch foar in part ferantwurdlik foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)