Kantoar ASR Wâldsein ticht

22 jul 2009 - 14:31
  • ASR Wâldsein giet ticht

Fersekeringsbedriuw ASR slút it kantoar yn Wâldsein. Op it lêst ein 2012 sil de doar ticht. ASR moat besunigje om't it mei grut ferlies draait. De sluting fan in tal kantoaren wie oankundige, mar om hokker festigingen it gie, wie noch net dúdlik. Wat de konsekwinsjes binne foar it personiel, is noch net dúdlik.

Mei de sluting fan it kantoar yn Wâldsein komt der in ein oan in histoarje fan hast 200 jier fan fersekeringsaktiviteiten yn dat doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)