Kantineruten Appelskea stikken

03 maaie 2010 - 10:24

In man út Easterwâlde hat sneintejûn ruten fernield by de fuotbalkantine yn Appelskea. Tsjûgen hiene de 29-jierrige man al oanhâlden, doe't de plysje by de kantine oan de Boerestreek oankaam.

Wylst de plysjeminsken mei de kantinebehearder yn petear wiene, naaide de man op de fyts út. De plysje gie noch nei him op syk, mar hat him net wer fûn. De man krijt in oprop om nei it plysjeburo te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)