Kantine iisbaan De Pein iepen

16 jan 2013 - 14:30
  • iisbaan de pein mei nij hokje
  • iisbaan de pein

De iisbaan fan De Pein hat in nije kantine. Nei hast 50 jier is der in ein kaam oan it âlde koek-en-zopiehokje. It wie fertutearze, net isolearre en se hiene in protte lêst fan ynsekten. It nije gebou wurdt sneon offisjeel iepene, mar om't de iisbaan woansdei ek al iepen is, wurdt der al omraak gebrûk fan makke. It gebou is makke mei help fan de pleatslike middenstân en frijwilligers en hat 18.000 euro koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)