Trije kânshawwers foar Fryske Reklamepriis bekend makke

15 apr 2015 - 18:00
  • De winners fan de Fryske Reklamepriis yn 2012

De reklamespots fan Sijperda Verhuur, Carglass en Pake Oeds binne nominearre foar de Fryske Reklamepriis 2015. Dat is woansdei bekend makke yn it televyzjeprogramma Bynt. Neffens sjueryfoarsitter Wytze Visser foldogge se alle trije oan de kritearia dat it Frysk op in eigensinnige, mar ek natuerlike wize brûkt wurdt, de boadskip fan it bedriuw yn koart bestek delset wurdt en dat de reklame autentyk en orizjineel is. De lêste kear dat priis útrikt waard, wie yn 2012.

It is no oan it publyk om de winner te bepalen.

Stimme kin oant en mei de Bynt-útstjoering fan 21 maaie fia de webside www.fryskereklamepriis.nl. Yn de útstjoering fan dy dei wurdt live bekend makke wa’t de priis, besteande út in byldsje fan Grutte Pier, in wike lang ekstra reklame-útstjoertiid en ‘ivige rom’, mei nei hûs nimme mei.

De reklamepriis is yn 1993 yn it libben roppen mei as doel it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen te stimulearjen, sawol kwantitatyf as kwalitatyf. Yn totaal waarden dit jier 46 reklamespotsjes ynstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)