Kânsen foar yntinsyf buorkjen

10 des 2013 - 22:12
  • Kij yn de lisboksstâl

De yntinsive feehâlderij krijt de kâns yn Fryslân, mar net alle frijheid. Der binne op dit stuit 185 boeren dy't har dwaande hâlde mei yntinsive feehâlderij en as dy útwreidzje wolle, moatte se benammen rekken hâlde mei it wolwêzen fan de bisten, de sûnens, it miljeu en de omjouwing. Dit alles stiet yn it ûntwerp 'Beleidsnotitie Intensieve Veehouderij' dy't troch de provinsje makke is.

Ien fan de nije dingen yn it belied is de romte werop de pleats komt te stean. As it allinnich om stallen foar bisten giet is dat oardel bunder.

Stiet der ek noch in dongfergister op, dan mei it beboude oerflak twa bunder wêze. Dit om foar te kommen dat der te grutte bedriuwen yn it lânskip komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)