'Kânsen foar organisaasjes'

19 jun 2014 - 16:56
  • Tûmba

Maatskiplike organisaasjes hoege der net op efterút te gean as gemeenten ferantwurdlik wurde foar subsydzjes. Dat seit wethâlder Sjoerd Tolsma fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Hy is ek bestjoerslid fan de Feriening fan Fryske Gemeenten en sjocht kânsen foar maatskiplike organisaasjes lykas Soarchbelang Fryslân, Tûmba en It Fries Samenwerkingsverband Uitkeringerechtigden.

Alve organisaasjes krije no noch subsydzje fan de provinsje. Dy hâldt dermei op, omdat gemeenten dêroer gean. De organisaasjes binne bang foar gemeentlike besunigings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)