Kânsen foar nije mar Aldegea

10 des 2008 - 09:47

De oanlis fan in nije mar by Aldegea yn Smellingerlân krijt in nije kâns. Trije jier lyn waarden de plannen foar it earst bekend makke, mar doe kaam it net fan de grûn. No't der nochris serieus nei sjoen is as oplossing foar de problemen by de iepenstelling fan it Polderhoofdkanaal leit dat oars.

Sa binne der no twa oplossings yn byld foar de grûn dy 't oerbliuwt as de mar oanlein wurdt. Sa kin it brûkt wurde foar de Sintrale As, de nije dyk tusken Dokkum en Nyegea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)