Kânsen foar Nedersaksysk

26 mrt 2010 - 11:03

It Nedersaksysk makket in goeie kâns om as minderheidstaal in hegere status te krijen. Dat seit steatssiktaris Bijleveld fan Ynlânske Saken. De gemeenten East- en Weststellingwerf en de provinsjes Grinslân, Drinte en Gelderlân hawwe in offisjeel fersyk yntsjinne om de status fan it Nedersaksysk op te wurdearjen.

Ynset is om de streektaal deselde posysje te jaan as it Frysk. Fjouwer ministearjes sille har dêr de kommende tiid oer bûgje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)