Kânsen foar Frjentsjerteradiel

17 maaie 2014 - 12:16

Frjentsjeradiel moat net allinne op wettersporttoerisme mikke, mar ek oare kânsen benutte. Dat stelt de rekkenkeamerkommisje fan de gemeente yn in advys oer it toeristysk belied fan de gemeente Frentsjeradiel. Foaral op it mêd fan kultuer lizze mooglikheden dy't de gemeente net ûndergeskikt meitsje moat oan de wettersport.

De rekkenkeamerkommisje hat it toeristysk belied tusken 2010 en 2014 ûndersocht yn de gemeente Frjentsjeradiel. De gemeenteried moat noch prate oer it advys fan de rekkenkeamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)