Kânsen agraryske natoer Skylge

17 maaie 2013 - 21:38

De boeren yn de Skylger polder soene folle mear oan agrarysk natoerbehear dwaan kinne. De oerheid moat se dêr by helpe. Dat fynt haad Herman Brink fan it distrikt Fryske Wadden by Steatsboskbehear. Hy ferwiist dêrby nei it rapport Onbeperkt Houdbaar fan de Raad van de leefomgeving en infrastructuur, dat fan 'e wike oerlange is oan steatssekretaris Sharon Dijksma fan Natoer. Dêryn stiet dat der ynsetten wurde moat op echt grutte natoergebieten.

Boppedat moat natoerbehear troch boeren foaral oanslute op dy gebieten. En dat past prima op Skylge, fynt Brink. Krekt yn de oergong fan de dunen nei de greiden ûntstiet de meast ynteressante en weardefolle natoer. It moat ekonomysk wol út kinne foar de boeren en dy moatte der op fertrouwe kinne dat soks hiel lang sa bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)