"Kâns op tastean ljipaaisykjen is tige lyts"

24 des 2015 - 07:51
  • In broedsje ljipaaien

De kâns dat it ljipaaisykjen takom jier trochgiet, is tige lyts. Dat seit advokaat Gina Kamsma, spesjalisearre yn miljeurjocht.

By it beoardielen fan de oanfraach fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten foar it aaisykjen, moat de provinsje rekken hâlde mei de eardere útspraak fan de Ried fan Steat. Dy oardiele dat de provinsje oantoane moat dat it goed giet mei de ljip. Salang't dat net slagget, is it aaisykjen ferbean.

Provinsje

Mocht de provinsje it aaisykjen dochs tastean, dan sil de saak wer foar de Ried fan Steat komme. Dy sil him hâlde oan syn eardere útspraak, seit Gina Kamsma. Se wiist ek op it rapport fan it fûgelûndersyksburo Sovon, wêryn stiet hoe min as it giet mei de ljip.

Dochs tastimming oanfrege

Nettsjinsteande it rapport fan Sovon en de útspraak fan de Ried fan Steat, hat it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) foar kommend jier dochs op 'e nij tastimming frege foar it ljipaaisykjen.

It provinsjebestjoer nimt takom jier in beslút oer it ljipaaisykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)